Brede skoalle yn De Westereen

26 sep 2012 - 11:33
  • Wethâlder Siepie Hylkema fan Dantumadiel

De Westereen krijt in brede skoalle. Yn it gebou komme de beide basisskoallen, de biblioteek en de pjutteboartersseal. Der wurdt al jierren plannen foar makke. Earst wie der te min jild en soe de kristlike skoalle net meidwaan. Op oantrunen fan de ried en troch it sa effisjint mooglik brûken fan de romte is dat no wol slagge. De ferwachting is dat de nije brede skoalle yn De Westereen der oer twa jier stiet. It gebou kostet fiif miljoen euro.

Trefwurden: 
De Westereen brede skoalle
(advertinsje)