Plysje brûkte soad geweld

26 sep 2012 - 11:01
  • Plysje brûkte soad geweld
  • Pascal (18) filme de plysje
  • Linda út Sint Anne wie der sneon ek by
  • Teamsjef Sylvia te Wierik fan de plysje yn Ljouwert

De plysje hat sneon by de drokke útgeansnacht yn Ljouwert 'bûtenproporsjoneel' geweld brûkt. Plysjeminsken sprongen mei syn fiven op ien arrestant en sloegen troch mei de wapenstok, wylst de fertochte al op de grûn lei. Dat sizze twa jongeren dy't der by wiene. De Ljouwerter Pascal (18) hat mei syn telefoan bylden makke fan it hurde optreden, mar seit dat er op it plysjeburo twongen is om dy bylden derôf te heljen. De plysje hâlde sneontenacht acht manlju oan, foar mishanneling, geweld en mislediging.

Teamsjef Sylvia te Wierik seit dat de korpslieding noch in oardiel jaan moat oer it geweld dat brûkt is. Neffens har kloppet it ek dat de plysje telefoans yn beslach naam hat, mar mei de plysje net freegje om bylden te wiskjen. De heit fan de 18-jierrige Ljouwerter siket út oft hy in advokaat yn 'e earm nimt.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)