ONS Snits stunt yn beker

25 sep 2012 - 23:12
  • Chris de Wagt, Sandor van der Heide en trainer Jan Vlap

ONS Boso Snits is troch nei de folgjende ronde fan it lanlik bekertoernoai. De Snitsers wûnen nei penalty's ferrassend mei 5-4 fan Excelsior. Nei de earste 90 minuten en de ferlinging stie it 1-1.

ONS kaam al nei 3 minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Sandor van der Heide. Elvis Manu makke yn de twadde helte de 1-1. Chris de Wagt makke foar de Snitsers de beslissende strafskop.

(advertinsje)