'Drachtsterfeart moat koarter'

Undernimmers oan de ein fan it Moleneind yn Drachten wolle dat de nije Drachtsterfeart 70 meter earder ophâldt as no yn de plannen stiet. Yn de plannen stiet dat de feart trochrint oant en mei it Karillion, mar neffens de ûndernimmers kin dat net.
Harren foarried wurdt fia de foarkant brocht en dat wurdt in probleem yn kombinaasje mei de terrassen dy't no yn de plannen steanne. De gemeente is it net iens mei de ûndernimmers, mar hâldt de mooglikheid iepen om de plannen te wizigjen.