'Ferbod genetysk oanpast iten'

25 sep 2012 - 19:38

Miljeuorganisaasje Greenpeace hopet op in ferbod op it ferbouwen fan genetysk oanpast iten yn Fryslân, nei in 'expertmeeting' woansdei yn it provinsjehûs. Op inisjatyf fan GrienLinks komme saakkundigen lâns om de steateleden mear te fertellen oer de foar- en neidielen fan genetysk oanpaste mais en ierappels.

Oanlieding is de diskusje ferline jier yn de steaten, oer in proeffjild yn Mitselwier. Neffens Greenpeace binne der hieltyd mear ûndersiken dy't útwize dat genetysk oanpast iten ûnfeilich wêze kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)