Tsjûgen moard socht

25 sep 2012 - 17:46

De plysje siket minsken dy't op tiisdei 11 septimber tusken trije en fiif oere middeis kontakt hân hawwe mei Marijke Heijltjes of har doe sjoen hawwe. De 67-jierrige Marijke Heijltjes út Easterwâlde waard woansdeis 12 septimber - no 14 dagen lyn - dea fûn troch in famyljelid.

De plysje hat de dei foar har dea hielendal yn kaart brocht, mar wit noch net wat se tusken trijen en fiven dien hat.

(advertinsje)