Soargen oer jild A'karspelen

25 sep 2012 - 17:11

De PvdA-fraksje yn Achtkarspelen makket him nei in nij tekoart fan 1,3 miljoen euro grutte soargen oer de finansjele posysje fan de gemeente. De fraksje wol dêrom dat der sa gau mooglik spoeddebat komt oer de finansjele posysje fan de gemeente. Neffens de PvdA moat dúdlik wurde oft de gemeente noch mear ôffallers ferwachtsje kin.

Fraksjefoarsiiter Gerda Postma seit dat se earder net oer de begrutting prate wol. Grutte útjeften moatte neffens Postma foarearst stillein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)