Soarchbelang posityf oer DSW

25 sep 2012 - 15:48

Soarchbelang Fryslân is bliid dat DSW de preemje foar de soarchfersekering net ferhege hat. Alle jierren is DSW de earste dy't mei de nije preemje komt. Meastentiids is dat in yndikaasje foar wat de oare fersekerders dogge. De basisfersekering is en bliuwt 102,50 by DSW. It is foar it earst sûnt 2009 dat de preemje gelyk bliuwt.

Soarchbelang Fryslân ropt minsken op om goed te sjen nei wat yn it basispakket sit. Dat wurdt fêststeld troch it ministearje. It soe wêze kinne dat it basispakket yn 2013 minder kosten dekt as no.

Soarchfersekerder De Friesland is noch dwaande om de preemje fêst te stellen. Yn novimber wurdt bekend hoe heech dy wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)