Jacobi docht natoer en miljeu

25 sep 2012 - 15:42

De PvdA-Twadde Keamerfraksje hat bepaald wa't oer hokker ûnderwerpen giet. Dat betsjut foar it Wergeaster Twadde Keamerlid Lutz Jacobi dat sy wurdfierder is oer natoer, miljeu, plattelân en Waadsee. Earder die Jacobi natoer, lânbou, wetter en fiskerij.

Jacques Monasch út Snits hie wenjen en iepenbier ferfier. Dat wurdt no wurk en ekonomy, wêrûnder ek de hypoteekôftrek. Fierder giet hy ek oer wenjen yn de stêd, stêdelike fernijing en ferkear en ferfier. Foar beide jildt dat sy harren ek dwaande hâlde sille mei Fryske ûnderwerpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)