Snits Wyt Swart jaget op goals

Snits Wyt Swart jaget woansdeitejûn yn de bekerwedstriid tsjin Noordwijk op goals. De Snitsers kamen yn de lêste fjouwer kompetysjewedstriden net ta skoaren. Snits Wyt Swart fersloech yn de earste ronde fan de KNVB-beker Jodan Boys. Dat barde pas nei strafskoppen.
Keeper Kevin van der Meulen koe him dêrby ûnderskiede troch twa pengels tsjin te hâlden. Hy hopet dat de Snitsers it no earder ôfmeitsje kinne, mar mocht it safier komme dan is hy klear foar in nije searje strafskoppen.