Bou brede skoalle Berltsum los

25 sep 2012 - 14:15

Yn Berltsum is tiisdeitemiddei it startsein jûn foar de bou fan de brede skoalle. Dêryn krije de iepenbiere en de kristlike basisskoalle beide in plak. Fierder wurde ek de biblioteek, it pjutteboartersplak en de berne-opfang yn it gebou húsfeste en komt der in grutte gymseal by.

De brede skoalle moat foar de boufak fan takom jier klear wêze, sadat de gebrûkers der nei de simmerfakânsje fan 2013 yn kinne.

Trefwurden: 
brede skoalle Berltsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)