Gasten by OSG Sevenwolden

Om yn de kunde te kommen mei Fryske sporten, kultuer en taal binne tsientallen ynternasjonale learlingen dizze dagen te gast by OSG Sevenwolden yn Grou. It giet om in útwikselingsprojekt mei Poalske, Dútske, Deenske en Turkse vmbo-learlingen.
Guon treddeklassers fan de OSG Sevenwolden ha ferline jier nei Poalen west. No organisearret de skoalle hjir foar it earst ûnder oare sportclinics mei keatsen, skûtsjesilen en fierljeppen.