Asma Jamali yn Dútslân fûn

25 sep 2012 - 12:22

It fermiste 13-jierrige famke Asma Jamali út Ljouwert is wer terjochte. Se sit by famylje yn Dútslân en sil dêr nei in asylsikerssintrum. It Afgaanske famke wie sûnt 10 septimber fermist. Dy dei wie se fuortgongen út it opfangsintrum foar minderjierrige asylsikers yn Ljouwert. Ofrûne tongersdei kaam de plysje mei in opspoaringsberjocht.

Nei ûndersyk fan de plysje kamen se der lang om let achter dat it famke by famylje wie. It giet goed mei har en se bliuwt foarearst yn Dútslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)