Bedriging: Drachtster oppakt

25 sep 2012 - 11:01

De plysje hat moandei yn Drachten in 24-jierrige man út dat plak oanhâlden fanwege bedriging. De man hie in 21-jierrige Drachtster mei in mes bedrige. Wêrom't er dat die is net dúdlik.

Plysjeminsken hâlden nei ûndersyk de fertochte oan. Yn syn scooter hie er twa messen. Dy binne yn beslach naam. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)