Man rydt troch nei oanriding

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitejûn in man fan 59 jier út Boelensloane oanholden om't er trochriden wie nei in oanriding. Op de Blauhústerwei yn Surhústerfean wie de bestjoerder tsjin in parkearde frachtwein opbotst, wêrnei't er mei syn auto yn de berm rekke. Hy liet de auto stean en naaide út.
De plysje koe de man thús oanhâlde. Hy fersette him bot en krige de hânboeien om. Op it buro die bliken dat er fierstente folle dronken hie.