Frou botst op lantearnepeal

25 sep 2012 - 10:38

In 58-jierrige frou út Eastrum is moandeitejûn ferwûne rekke by in iensidich auto-ûngelok yn Oentsjerk. Troch de rein hie de bestjoerster min sicht en knalde se op de Rengerswei op in lantearnepeal.

Se hie ferskate ferwûnings en is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.

(advertinsje)