LC en FD buorkje achterút

25 sep 2012 - 10:24

De oplage fan de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad is yn it twadde fearnsjier fan dit jier fierder nei ûnderen gien. Dat docht bliken út sifers dy't ûndersyksynstitút HOI tiisdei publisearre hat.

De folsleine oplage fan de Ljouwerter Krante is no hast 76.000 kranten, yn it twadde fearnsjier fan 2011 wie dat noch hast 81.000. It Friesch Dagblad hat in oplage fan 13.500. Dy wie mear as 14.000. De betelle webedysje fan de LC ferlear ek lêzers. Ferline jier hiene 12.624 minsken in abonnemint op de ynternetkrante, no binne dat der 11.172.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)