De Swadde wurdt skjinmakke

25 sep 2012 - 09:57

Yn Twizelerheide wurdt yn oktober begûn mei it fuortheljen fan de fersmoarging fan it rivierke de Swadde. It giet om in stik fan 300 meter, tusken Twizelerheide en De Westereen yn. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de Swadde op dat plak fersmoarge is mei swiere metalen.

De provinsje fûn it oplossen fan de fersmoarging net sa urgint, mar de omwenjenden makken har soargen oer har sûnens. Der wurdt faak fiske en swommen yn de Swadde. Dêrom hat de gemeente no besletten it baggerwurk te beteljen. De kosten wurde rûsd op 130.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)