Friese Koers:Rabobank oanpakke

Deputearre Jannewietske de Vries moat in brânbrief nei de Rabobank stjoere mei dêryn de eask dat de bonus foar de nije direkteur fan de Van Landschot Bank fuortendaliks wer weromdraaid wurdt. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers.
De Rabobank is de húsbankier fan de provinsje en oandielhâlder fan de Van Landschot Bank. Neffens Friese Koers is it maatskiplik ûnakseptabel dat in nije topman 750.000 euro krijt, sûnder ek noch mar in tel wurke te hawwen.
As de Rabobank him neat fan it brief oanlûkt, soe de provinsje útsjen moatte nei in oare húsbankier, fynt Friese Koers.