Súdwest snoeit helpferliening

24 sep 2012 - 22:39

Minsken mei skulden yn de gemeente Súdwest-Fryslân moatte harren tenei mear sels rêde. Dat skriuwt it gemeentebestjoer yn in stik oer skuldhelpferliening. Sa moatte der tonnen besparre wurde. De gemeente hat de lêste fjouwer jier it tal oanfragen foar help mei mear as de helte tanommen sjoen. De lêste tiid binne it hieltyd faker jonge gesinnen mei in modaal ynkommen of allinnichsteanden.

As der jonge bern by belutsen binne dan sil de gemeente wol helpe, mar der wurdt ferwachte dat minsken goed harren bêst dogge om út de skulden te kommen.

Trefwurden: 
skuldhelpferliening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)