Skeppe kin yn Europaplein

ferbettering Europaplein
It Europaplein yn Ljouwert kin op 'e skeppe. In grutte mearderheid fan de gemeenteried yn Ljouwert stimde moandei yn mei de rekonstruksje fan it plein. It moat in saneamde turborotonde wurde mei trije fytstunnels. De trochstream fan it ferkear moat sa ferbettere wurde. Yn de buert wie nochal wat wjerstân. Omwenners binne benaud foar mear ferkearsoerlêst en ek dat it bysûndere karakter fan it plein ferlern giet.
Op oantrunen fan de gemeenteried sil wolstânskommisje Hûs en Hiem in wichtige rol spylje by it definitive ûntwerp.