Foks dûkt op yn jachthaven

24 sep 2012 - 21:47

In wylde foks hat dit wykein foar opskuor soarge yn jachthaven Lunegat by Dokkumer Nije Silen. It bist skarrele oerdeis tusken havengasten en boaten troch en liet him net ferjeie. Op syk nei iten rûn de foks deagemoedereard in loads yn. Omdat de havenmaster benaud wie dat it bist mooglik siik is, hawwe se it bist mar rinne litten. Wol binne havengasten warskôge. Se waarden fersocht bern en eigen bisten oan board te hâlden.

Ald-jachtopsichter Egbert Schuldink fynt it hiel bysûnder dat in foks sa tichtby minsken yn de buert komt.

Neffens him binne der op 't heden te folle foksen yn it Lauwersmargebiet en is der te min fretten. Dêr wurde de foksen minder skou fan.

Trefwurden: 
jachthaven Foks Lunegat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)