Stoarm giet oer Fryslân

24 sep 2012 - 20:18

It minne waar hat Fryslân moandeitejûn ek berikt. Fan goed healwei achten ôf krige de brânwacht de earste meldings fan stoarmskea. Dy meldings kamen ûnder oare út Drachten, Molkwar, Raerd, Akkrum, De Jouwer en Ljouwert.

It is net bekend hoe grut oft de skea is. De ferwachting is dat it minne waar nei 10 oere bekomme sil.

Trefwurden: 
stoarm stoarmskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)