Nije direkteur foar Waadfûns

Waadsee Amelân © ANP
Bram van de Klundert is beneamd as direkteur fan it Waadfûns. Op dit stuit wurket Van de Klundert as manager foar Nederlân foar it Wereld Natuurfonds. Earder wie er wurksum op it mêd fan gebietsûntwikkeling en romtlike oardening. Van de Klundert begjint yn desimber.
It Waadfûns is yn 2012 oerdroegen oan de provinsjes Grinslân, Fryslân en Noard-Hollân en is bedoeld foar it sterker meitsjen fan de ekology en de ekonomy fan it Waadgebiet. Oant 2026 kin der foar 500 miljoen euro oan projekten fan betelle wurde.