Friezen kampioen itensieden

24 sep 2012 - 16:11

Twa learlingen fan de hotelskoalle fan it Friesland Kolleezje binne dit wykein by de fakwedstriden itensieden Europeesk Kampioen wurden. Bart Brinksma en Jan Willem Wierstra moasten it yn Roemenië opnimme tsjin ûnder oare Itaalje, Frankryk en Malta. Twa dagen ha se dwaande west mei de itensiederij. Sa moast ûnder mear in tradisjoneel Roemeensk menu klearmakke wurde.

Neffens de jonges hawwe se de titel benammen te tankjen oan hoe't se mei hygiëne omgiene. It is foar it earst dat it Friesland Kolleezje oan dy wedstriid meidie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)