Untromming Accolade It Fean

24 sep 2012 - 15:56

It gebou fan Accolade oan de Thorbeckestrjitte op It Fean hat moandei koarte tiid ûntromme west. Meiwurkers seagen reek út de kompjûterromte kommen en warskôgen de brânwacht. Alle 50 meiwurkers moasten it gebou út.

De brânwacht hat de romte ûndersocht, mar koe neat bysûnders fine. De meiwurkers mochten dêrnei it gebou wer yn en koene wer oan it wurk, ek alle kompljûters diene it wer.

Trefwurden: 
Accolade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)