Fryske fertochte Haren frij

Ien fan de twa Fryske fertochten fan de rellen yn Haren komt moandei of tiisdei frij. Dat seit advokaat Ubo van Ophoven. Hy stiet in mearderjierrige man út Feanwâlden by, dy't freed tagelyk mei 36 oaren oppakt waard. It lot fan de oare Fryske fertochte, út Ljouwert, is noch net dúdlik. Van Ophoven hie sneon tsjinst en fertsjintwurdiget mei-elkoar 12 relskoppers.
Op 15 oktober sil der in 'snelrjochtsitting' wêze, mar de man út Feanwâlden hoecht dêr dus nei alle gedachten net te ferskinen.