Kikkert en das yn Donkerbroek

24 sep 2012 - 14:31

Yn de omjouwing fan Donkerbroek binne puollen oanlein foar de kikkert en sânrêgen foar de das. Dat is ôfrûne simmermoannen bard. Ien en oar hat te krijen mei de oanlis fan de nije N381. Dat hat negative gefolgen foar de natoer. De puollen binne oanlein yn in stripe by de Tsjonger del. Foar de das binne der sânrêgen oanlein by de Peelrug, 't Hoogezand en de Tsjonger. Dêr kinne de dassen dan burchten yn grave.

Trefwurden: 
kikkert das Donkerbroek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)