Apteekketen Mediq ferkocht

Apteekketen en medyske gruthannel Mediq wurdt ferkocht oan ynvestearingsbedriuw Advent foar 775 miljoen euro. Ek yn Fryslân binne apteken dy't ûnder de namme Mediq wurkje. Dat is ûnder mear op 'e Jouwer, De Lemmer, De Harkema, It Hearrenfean, Boalsert en Drachten. Dêr sitte ek apteken tusken dy't gjin eigendom binne fan Mediq, mar fransjizenimmer, lykas yn Drachten. It bedriuw lit witte dat der gjin ûntslaggen falle sille as direkt gefolch fan it bod fan Advent.