Wachtlist foar hûs op Flylân

24 sep 2012 - 12:03
  • Wethâlder Rients Hoekstra fan Flylân

In 135 minksen stean op dit stuit op de wachtlist foar in hûs op Flylân en dêrom wol de gemeente dat de twa leechsteande wenten op it eilân sa gau mooglik beskikber steld wurde foar de eigen ynwenners. De twa lege huzen wiene altyd fan it ministearje fan Definsje, mar dy hat de huzen yn behear jûn by it Ryksfêstgoed - en Untwikkelingsbedriuw. Dy sil earst besjen oft oare organisaasjes belangstelling foar de wenten hawwe. Pas dêrnei komme de huzen mooglik beskikber foar de Flylanners sels.

Dat duorret de gemeente wat te lang, sa seit wethâlder Rients Hoekstra. De gemeente is op dit stuit yn oerlis mei wenningstichting WoonFriesland oer de bou fan tsien nije huzen op it eilân.

Trefwurden: 
Flylân definsje wachtlist
(advertinsje)