Diseldief pakt yn Nijetrine
In 51-jierrige man út Made is sneintenacht yn Nijetrine oanhâlden foar stellerij fan disel. De man hie yn syn auto in slang, ien folle jerrycan en noch in tal lege jerrycans. Letter die bliken dat de man gjin rydbewiis hie en dat syn auto net fersekere wie. De auto is ynnommen en de man hat twa bekeurings krige.