Skûtsje Ljouwert sûnder Meeter

24 sep 2012 - 08:12

Omdat de top fan it SKS-kampioenskip de ôfrûne jierren net helle is, hâldt Jappie Meeter op as skipper fan it Ljouwerter skûtsje. Dat hawwe it bestjoer fan de Stifting Ljouwerter Skûtsje en Meeter yn oerlis besletten. De 53-jierrige Jappie Meeter debutearre yn 2007 as skipper op it Ljouwerter skûtsje.

De stifting hat him in funksje as lid fan de technyske advyskommisje oanbean. Meeter tinkt dêr noch oer nei. It bestjoer wol noch dit jier in nije skipper fêstlizze.

Trefwurden: 
skûtsje Jappie Meeter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)