Te Kloese wint iepen FK darts

23 sep 2012 - 19:09
  • Te Kloese wint iepen FK darts
  • Bêste Fries by de manlju wie Pieter Miedema
  • Femke van Zuiden einige by de froulju as twadde
  • Mats Gies einige by de junioaren op in kreas tredde plak

Dennis te Kloese hat snein it iepen Frysk kampioenskip darts op syn namme skreaun. Yn de finale wie hy mei 4-1 te sterk foar Jonny Nijs. Beide finalisten fersloegen yn de heale finale in Fries. Pieter Miedema (Boalsert) en Frans van der Weit (Balk) koene it krekt net oprêde.

By de froulju gie de oerwinning nei Aileen de Graaf. Sy fersloech yn de finale Fries om utens Femke van Zuiden (Giethoorn, foarhinne fan Balk) mei 4-0. By de junioaren wie der in kreas tredde plak foar talint Mats Gies fan Wierum.

Trefwurden: 
darts iepen FK
(advertinsje)