H'fean ferliest fan koprinner

23 sep 2012 - 16:29

SC Hearrenfean hat snein yn Enschede mei 1-0 ferlern fan koprinner FC Twente. De Tukkers setten de Friezen fan it earste fluitsinjaal ôf ûnder druk. Hearrenfean kaam der sa no en dan goed út. Op slach fan rêst miste Oussama Tannane de bêste kâns op de Fryske iepeningstreffer.

Yn de twadde helte tekene Dusan Tadic fan FC Twente mei in penalty foar de 1-0. Yn in spannende slotfaze like Hearrenfean op likense hichte te kommen, mar de goal fan Alfred Finnbogason waard ôfkard fanwege in oertreding fan Ramon Zomer.

It is de sechsde winst op rige foar FC Twente dat dêrmei koprinner bliuwt yn de earedivyzje. SC Hearrenfean stiet mei 3 punten út 6 wedstriden op in teloarstellend 16e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)