Man rint mei swurd op 'e rêch

Plysjemotor © Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn yn Ljouwert in 42-jierrige man út de stêd oppakt foar it besit fan drugs en in swurd. Plysjes waarden yn de Peperstrjitte oansprutsen troch in foarbygonger dy't fertelde dat er in man sjoen hie dy't mei in swurd op 'e rêch rjochting Oosterkade rûn. Dêr seagen de plysjes de man rinnen en se sprutsen him oan. Doe't er it heft fan it swurd pakte en net loslitte woe, waard er tsjin in muorre drukt en boeid. Hy waard meinommen nei it buro. By it fûillearjen waarden heroïne en kokaïne fûn.
It spul waard yn beslach nommen en de man ynsletten.