Fernielende Snitsers oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht fjouwer Snitsers yn harren wenplak oanholden foar iepenlik geweld. Plysjes seagen dat de manlju fan 16, 19, 24 en 26 jier âld op it Kleinzand in fyts yn it wetter smieten, in autospegel omklapten, markearingspealtsjes omgoaiden en blombakken op 'e dyk skoden.
De fjouwer waarden oanholden en oerbrocht nei it buro dêr't se foar neier ûndersyk ynsletten waarden.