Swimbad Skier mooglik wellness

De hjoeddeiske eksploitant fan iepenloftswimbad De Dunatter op Skiermûntseach ûndersiket oft it swimbad yn de takomst feroare wurde kin yn in wellnesssintrum mei hotel. De gemeente hat dat oan de eksploitant, de Conegroup út 's-Heerenberg, frege. In oar plan om in wellnesssintrum te kreëarjen, mislearre. It iepenloftswimbad wurdt sûnt 2009 eksploitearre troch de Conegroup út 's-Heerenberg. De gemeente Skiermûntseach betellet op it stuit jierliks 110.000 euro by. Oars kin it iepenloftswimbad net iepenbliuwe.
De gemeente wol graach dat de Conegroup it swimbad trochûntwikkelet nei in wellnesssintrum plus hotel. Dat soe goed foar de ekonomy - en dus ek de wurkgelegenheid - op it eilân wêze.