Falske brief foar ûndernimmers

Ferskate Fryske ûndernimmers krije falske brieven mei de fraach oft se har gegevens kontrolearje wolle. Wannear't dy brief mei in hantekening werom stjoerd wurdt, dan krije de ûndernimmers in rekken fan hûnderten euro's. Dat seit ûndernimmer Harry Nota dy't in fytsesaak yn Sint Nyk hat. It grutte probleem is dat it op himsels net yllegaal is om dy brieven te ferstjoeren en dêrom kin der lestich wat oan dien wurde.
Nei alle gedachten wurde krekt no in soad brieven ferstjoerd, omdat de regearing besluten hat dat der in btw-ferheging komt.
Guon bedriuwen binne dêrom mooglik yn betizing brocht. Harry Nota waskôget dêrom oare ûndernimmers om benammen de lytse letters goed te lêzen.