Grutte yndruk rellen op plysje

De rellen fan it ôfrûne wykein yn Haren en Ljouwert ha grutte yndruk makke op de Fryske plysjeminsken dy't dêr beide nachten oan it wurk west ha. Yn Ljouwert wiene sneontenacht groepen jongeren bot agressyf tsjin de plysje. Guon fan de jongeren seine dat se de jûns derfoar yn Haren west hiene en no yn Ljouwert de boel op stelten sette woene.
Foar plysjeminsken dy't der ferlet fan ha, is opfang regele, sadat se har ferhaal kwyt kinne. By de rellen yn Ljouwert binne acht minsken oppakt.
Fan de 34 minsken dy't yn Haren arrestearre binne, komme twa út Fryslân. Har stiet nei alle gedachten in snelrjochtproseduere te wachtsjen.