Boek oer Dominicustsjerke

23 sep 2012 - 12:50

Yn de Dominicustsjerke yn Ljouwert is snein in boek oer de tsjerke presintearre. De Dominicustsjerke bestiet 75 jier. It boek giet net allinne oer it gebou fan de tsjerke, mar ek oer de parochy mei dy namme en de Ljouwerter katolike mienskip tusken 1870 en 1960.

Dy mienskip hat yn dy jierren twa ferskillende tsjerkegebouwen hân. De tsjerke oan de Speelmansstrjitte wie der tsjin 1900 sa min oan ta dat der in nij gebou komme moast. De parochianen ha dêr lang foar sparre. Yn 1937 waard de nije Dominicustsjerke oan de Harnzerstrjitte ynwijd.

Trefwurden: 
Ljouwert Dominicustsjerke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)