Ek Friezen fêst foar Haren

23 sep 2012 - 09:15

Under de minsken dy't oppakt binne foar har belutsenheid by de rellen yn Haren freedtejûn en -nacht, binne ek twa Friezen. Se komme fan Ljouwert en Feanwâlden. Mei-inoar binne 34 minsken oppakt by de rellen nei oanlieding fan in feest yn Haren, dat der hielendal net wie.

Neffens de plysje is it grutste part fan de arrestanten mei opset sin nei Haren kaam om reboelje te skoppen. De measte fertochten binne jonge manlju tusken de 15 en 28 jier. Har stiet in snelrjochtproseduere te wachtsjen.

Trefwurden: 
Haren rellen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)