Earste peal sylsintrum Grou

22 sep 2012 - 15:08

Yn Grou is sneon de earste mearpeal slein foar Sylsintrum Grou. It Sylsintrum wurdt in multyfunksjonele akkommodaasje foar de sylskoalle Frisia. Ek komme der toiletten en dûsen foar passanten yn de haven en foar rekreanten op de Blikpôle. Kommende maitiid moat it sintrum klear wêze. De earste peal waard slein troch deputearre Jannewietske de Vries.

Mei de earste peal fan it sylsintrum is ek in nije kommisje yn it libben roppen, de kommisje Alles is Moogik, spesjaal foar minsken mei in beheining.

Trefwurden: 
Grou sylsintrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)