Garaazje yn Wolvegea bestellen

22 sep 2012 - 14:28

By in fallyt garaazjebedriuw yn Wolvegea is ferline wike in soad apparatuer stellen. Tusken 14 en 20 septimber waard in doar fan it bedriuwsgebou oan de Yndustrywei iepenbrutsen en is der in pompkarre, in bannemasine en in remûntluchter stellen. De 54-jierrige eigener hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
stellerij Wolvegea garaazje
(advertinsje)