H'feanfroulju pakke 1e punt

© www.awfoto.nl
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freed tsjin PSV harren earste kompetysjepunt pakt. Yn Eindhoven einige de wedstriid yn 1-1. Hearrenfean kaam yn de earste helte op foarsprong troch in doelpunt fan Wendy Mulder. Lang liken de froulju op harren earste oerwinning ôf te gean, mar yn de 70e minút makke PSV de lykmakker.
SC Hearrenfean stiet mei 1 punt út 4 wedstriden op it ien nei lêste plak yn de BeNe League.