Ferwûne scooterrider yn tunnel

22 sep 2012 - 12:25

Yn ien fan de fytstunnels ûnder de Ljouwerter Oostergowei is freedtenacht in ferwûne scooterrider fûn dy't bûten westen wie. De 53-jierrige man út Ljouwert hie swiere ferwûnings oan de holle. It is noch net dúdlik hoe't de man fallen is.

Trefwurden: 
scooter fytstunnel
(advertinsje)