Twadde swimfiver Appelskea

22 sep 2012 - 11:11

De gemeente Eaststellingwerf krijt nei alle gedachten in twadde swimfiver by Appelskea, njonken de Kanadamar. De gemeente hat 28 hektare grûn kocht foar twa miljoen euro en sil 275 tûzen euro útlûke foar de ûntwikkeling fan de grûn.

It is noch net hûndert prosint wis dat der in swimfiver op it plak oan de Hildenberg komt, mar dat leit wol foar de hân. It sân dat dêr no leit sil nei alle gedachten brûkt wurde foar de nije N381, de dyk tusken Drachten en de Drintske grins.

Appelskea hat no ek al in swimplak, de Kanadamar. Mar dêr kin troch de regels fan Natura 2000 net folle aktiviteiten mear ûntploaid wurde. Dêrom is der romte foar in nije swimfiver mei rekreaasje.

Trefwurden: 
Appelskea swimfiver
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)