Fryslân geskikt foar wolven

Fryslân is poergeskikt foar de wolf. Der is yn Noard-Nederlân sels romte foar 16 roedels wolven. Ien roedel bestiet út 5 oant 20 wolven. It giet dan benammen om it easten en súdeasten fan de provinsje. Ek Drinte is in goed plak foar it rôfbist. Dat docht bliken út ûndersyk fan ûndersyksburo Alterra.
De wolf rukt hieltyd fierder op nei Nederlân. Op it stuit sitte se al yn Dútslân en Frankryk. Neffens ekolooch Roeland Vermeulen hoege minsken net benaud te wêzen foar de wolf. It bist is skou en komt allinnich nachts yn de buert fan huzen.
Ek boeren hoege gjin eangst te hawwen want geiten en skiep binne goed te beskermjen tsjin it rôfbist. Wolven jeie benammen op reeën.