Ek Fryske plysje yn Haren

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De Fryske plysje hat freedtejûn en -nacht ek aktyf west yn Haren by it bestriden fan de rellen dêr. Dy wiene ûntstien neidat tûzenen jongeren nei it doarp kaam wiene, omdat se mienden dat dêr in grut feest wie. In famke út Haren hie fia Facebook minsken útnoege foar har jierdeisfeest, mar hie net oanjûn dat it om in priveefeest gie.
Der wie in soad plysje en ME aktyf om de rellen te bestriden. Dêrby wiene ek Fryske ME'ers en bygelyks Fryske plysjes op de fyts. Om in oere as ien nachts wie de situaasje yn Haren ridlik ûnder kontrôle.