Fytser ferwûne
In jonge fan 13 út Surhústerfean is freedtemiddei mei syn fyts fallen. Op De Raai yn Drachten rekke er mei syn stjoer dat fan in famke dat neist him fytste. De jonge is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It famke hâlde oan de falpartij skaafwûnen oer.