Otter deariden by Eastersee

By Eastersee waard dizze otter deariden © Foto Germ van der Burg
Op de sneldyk A6 by Eastersee is op 'e nij in otter deariden. It giet om in mantsje fan alve kilo. Earder waard op itselde plak en efkes fierderop by De Lemmer al ris ien oanriden, krekt lykas by Balk en Winaam.
Boskwachters pleitsje al in skoftke foar de oanlis fan spesjale passaazjes by brêgen en fiadukten om ûngelokken yn de takomst foar te kommen.